Privacy Beleid
Algemien
It Gerrit Heeringa Orkest hechtet in grutte wearde oan de beskerming fan jo persoansgegevens. Yn dizze Privacydokumint wolle wy heldere en transparante ynformaasje jaan oer hoe’t wy omgeane mei persoansgegevens.
Wy dogge der alles oan om jo privacy te feilich te stellen en geane dêrom soarchfâldich om mei persoansgegevens. It Gerrit Heeringa Orkest hâldt him yn alle gevallen oan de toepaslike wet- en regeljouwing, wêrûnder “de Algemene Verordening Gegevensbescherming”.
Dit bringt mei dat wy yn elts gefal:
- jo persoansgegevens ferwurkje yn oerienstimming mei it doel wêr’t dizze foar beskikber steld binne, dizze doelen en type persoansgegevens binne beskreaun yn dit Privacybeliedsstik
- Ferwurking fan jo persoansgegevens beheine har ta inkel dy gegevens dy’t minimaal nedich binne foar de doelen dêr’t se ferwurke wurde;
- Fragen om jo útdruklike tastimming as wy dizze nedich hawwe foar de ferwurking fan jo persoansgegevens;
- Passende technyske en organisatoaryske maatregels nommen hawwe sadat de befeiliging fan jo persoansgegevens waarboarge binne;
- Gjin persoansgegevens trochjûn oan oare partijen, of it moat wêze dat dit nedich is foar de útfiering fan de doelen dêr’t se foar ôfjûn binne;
- Op’e hichte binne fan jo rjochten dy’t te meitsjen ha mei jo persoansgegevens , jo hjirop wize wolle en dizze respektearje.
- Foar de boppeneamde doel (en) kin it Gerrit Heeringa Orkest de folgjende persoansgegevens fan j freegje:
- Foarnamme;
- Tuskenynse;
- Achternamme;
- tillefoannûmer;
- E-mailadres;
As Gerrit Heeringa Orkest binne wy ferantwurdlik foar de ferwurking fan jo persoansgegevens. As jo nei it trochnimmen fan ús Privacy Belied, of yn algemienere sin, fragen ha hjiroer of kontakt mei ús winskje dan kin dat fia de kontaktgegevens ûnderoan dit dokumint.
Ferwurking fan persoansgegevens fan sponsoaren.
Persoansgegevens fan sponsors wurde troch it Gerrit Heeringa Orkest ferwurke foar de folgjende doelstelling(en):
- Administrative doelen;
- Kommunikaasje oer de sponsoring;
- It útfieren fan of it jaan fan in opdracht.
Grûnslach foar dizze persoansgegevens is:
- De oerienkommen opdracht;
Om boppesteande doel(en) kin it Gerrit Heeringa Orkest de folgjende persoansgegevens fan jo freegje:
- Foarnamme;
- Tuskenynse;
- Achternamme;
- (Saaklik) tillefoannûmer;
- (Saaklik) E-mailadres;
Jo persoansgegevens wurde troch it Gerrit Heeringa Orkest opslein om foar de boppeneamde ferwurking(en) te brûken foar de perioade:
- dat de oerienkomst rint en dêrnei allinne yn de finansjele administraasje foar maksimaal 7 jier.
Skriuwerskip Gerrit Heeringa Orkest:
F. de Jong
Súd 60
8711 CW Warkum
0515-542319
06-38923066
E-mail: fekke@ziggo.nl