Gerrit Heeringa Orkest_Paritta
Dit filmke is opnommen troch Tommie Besteman tidens it Pake&beppekonsert op 15 desimber 2012. Mei in foto fan ús warbere skriuwer, Piet Herrema, en syn pakesizzer.
De redaksje fan it Bûsboekje, de iennigste Fryske aginda, dielt mei dat minsken dy’t noch graach in eksimplaar ha wolle der flot by wêze moatte. No’t Sinterklaas foar de doar stiet komt de boaium yn sicht. Wa’t syn holle noch brekt oer wat foar kadoke der dit jier betocht wurde moat kin noch terjochte op […]
Woansdei de 14e nov. sil it Gerrit Heeringa Orkest in konsert fersoargje yn it “Zorgcentrum De Skûle”, yn Metselwier, Stationswei 12. It konsert begjint om 15.00 oere en it duorret oant 17.00 oere. Fan de musikanten wurdt ferwachte dat se om healwei trijen klearsitte.
It GHO jout op sneon de 15e des. yn it Cultuurcentrum oan de Dirk Boutsstrj. yn Ljouwert in PAKE/BEPPE KRYSTKONSERT . De bern en de pake -en beppesizzers wurde derby útnoege om sels mei te dwaan. Fierder sil it GHO natuerlik ûnder lieding fan in krystman in musikale bydrage jaan oan de krystsfear. It begjint om […]
OMF Konsertkonkoers op Omrop Fryslân Live te hearren op sneon 10 novimber op Omroplive.nl. It twadde Konsertkonkoers fan dit jier, organisearre troch de ‘Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân’ is sneon fan 9:30 oere ôf rjochtstreeks te hearren op Omroplive.nl. Alle nûmers binne letter werom te hearren op Koperkanaal.nl en yn it radioprogramma ‘Muzyk Maskelyn’. De […]
Nije hiemside Oan it begjin fan it nije jier besykje wy foar it GHO ek in hiemside by te hâlden. De side is noch yn opbou mar stadichoan sil hy oanfolle wurde. Wy begjinne wer Woansdei 12 september sette wy wer útein mei de rippetysjes. Sa’t it no liket komme der fjouwer nije leden om it […]