It Gerrit Heeringaorkest bestiet 10 jier

Dit jier bestiet it Gerrit Heeringa Orkest (GHO) 10 jier; oprjochte yn 2008 ûnder de entûsjaste lieding fan de grutte HaFaBra dirigent Gerrit Heeringa.

In lyts groepke musikanten groeide yn in jier nei in folweardige brassband. Musikanten dy’t al jierrenlange ûnderfining hiene bij musykferienings yn Fryslân en dêr bûten oefenje no op de measte woansdeis yn Ljouwert. Se dogge dat mei in soad wille en fakmanskip ûnder lieding fan de unike dirigint Menno Haantjes. Der wurde konserten fersoarge rûnom yn Fryslân.

Al mei al in goeie reden om op 24 maart jûns om 20.00 oere in jubileumkonsert te jaan yn de Groate Kerk fan St Jabik. It konsert wurdt ôfwiksele mei de Family Band Redlok û.l.f. Saskia Heeringa, de dochter fan Gerrit Heeringa. Fierder sil in mystery guest optrede.

Lit jo ferrasse! De kosten binne € 5.-

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *