Der binne noch inkele Bûsboekjes 2013

De redaksje fan it Bûsboekje, de iennigste Fryske aginda, dielt mei dat minsken dy’t noch graach in eksimplaar ha wolle der flot by wêze moatte. No’t Sinterklaas foar de doar stiet komt de boaium yn sicht. Wa’t syn holle noch brekt oer wat foar kadoke der dit jier betocht wurde moat kin noch terjochte op www.frysk-busboekje.nl/ of by 06 10586047.

Dit jier dûkt it Bûsboekje 2013 yn de wrâld fan de blaasmuzyk: de wrâld fan de minsken mei de grutte wangen en de folle lippen, de wrâld fan it glimmende koper en it tetterjende lûd, mar ek fan de dragende toan en de harmony; de wrâld fan konkoersen, kampioenskippen en kuierjende korpsen troch de strjitten. Foar guon in tiidferdriuw, foar guon in libbensfulling. Foar oaren in ûnbekende wrâld.

De redaksje is al wer drok dwaande mei it Bûsboekje 2014: regeare is foarút sjen. It tema foar dat jier is al fêststeld en de redakteuren wurde no oansocht.

—————————————————————————————————————————-

Woansdei de 14e nov. sil it Gerrit Heeringa Orkest in konsert fersoargje yn it

“Zorgcentrum De Skûle”, yn Metselwier, Stationswei 12.

It konsert begjint om 15.00 oere en it duorret oant 17.00 oere.

Fan de musikanten wurdt ferwachte dat se om healwei trijen klearsitte.

It GHO jout op sneon de 15e des. yn it Cultuurcentrum oan de Dirk Boutsstrj.  yn Ljouwert in  PAKE/BEPPE KRYSTKONSERT . De bern en de pake -en beppesizzers wurde derby útnoege om sels mei te dwaan. Fierder sil it GHO natuerlik ûnder lieding fan in krystman in musikale bydrage jaan oan de krystsfear. It begjint om 15.00 oere  en it sil om likernôch 16.15 oere dien wêze.

OMF Konsertkonkoers op Omrop Fryslân

Live te hearren op sneon 10 novimber op Omroplive.nl. It twadde Konsertkonkoers  fan dit jier, organisearre troch de ‘Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân’ is sneon fan 9:30 oere ôf rjochtstreeks te hearren op Omroplive.nl. Alle nûmers binne letter werom te hearren op Koperkanaal.nl en yn it radioprogramma ‘Muzyk Maskelyn’. De koralen fan de ferskate orkesten sille yn de útstjoerings fan Koperkanaal FM te hearren wêze.

De ‘Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân’ wol de amateuristyske muzykbeoefening stimulearje. Dit spesjale konkoers wurdt twa kear yn it jier organisearre foar de ferienings dy’t by de organisaasje oansluten binne. De ferienings kinne op dizze wize dielnimme oan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen.

De orkesten binne ferdield yn fiif ferskillende divyzjes. Dit konkoers binne der ek wer in soad orkesten fan Fryske boaiem: ûnder oaren de ‘Friese Jeugdbrassbrand’ en it ‘Fries Jeugd Harmonie Orkest’ jouwe harren muzikale bydrage. De winners fan it solistekonkoers ‘De Klank fan Fryslân 2012’ spylje yn it jûnsprogramma fan it konkoers.

OMF Konsertkonkoers
Sneon 10 novimber 2012 fan 9:30 oere ôf de hiele dei op Omroplive.nl.
Alle nûmers binne letter werom te hearren op Koperkanaal.nl en yn it programma ‘Muzyk Maskelyn’, alle sneinen fan 18:00 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Radio. De koralen sille útstjoerd wurde yn Koperkanaal FM, alle sneinen fan 6:00 oant 8:00 oere.

Nije hiemside

Nije hiemside

Oan it begjin fan it nije jier besykje wy foar it GHO ek in hiemside by te hâlden. De side is noch yn opbou mar stadichoan sil hy oanfolle wurde.

Wy begjinne wer

Woansdei 12 september sette wy wer útein mei de rippetysjes. Sa’t it no liket komme der fjouwer nije leden om it spul ris troch it gat te sjen . Wy kinne der noch wol wat leden by ha. Benammen it lyts koper hat ferlet fan fersterking. Dus net stinne…… It Kultuersintrum om 14.00 De kofje smakket dêr goed.

Festival Surhústerfean

It Gerrit Heeringaorkest docht dizze hjerst wer mei oan it festival yn it Fean op 17 oktober. Wy moatte spylje om healwei tolven.