Diriginten

De earste dirigint fan it GHO (Gerrit Heeringaorkest) wie de hast legendaryske muzykman Gerrit Heeringa. Hy hat it orkest lieding jûn fan de oprjochting ôf yn 2008 oant jannewaris 2010. Der bestiet by de leden grutte wurdearring foar wize wêrop hy lieding joech oan it orkest: elts yn syn wearde littend mar der wol úthelje wat der ynsit. It wie dêrom ek in grut ferlies dat hy sa koart nei de oprjochting siik waard en it stokje foargoed dellizze moast. Op de foto Heeringa sa as in protte him koenen.

-.-.-.-.-.-.-

Heit en dochter Heeringa tegearre op de foto.

Dêrnei hat Gerrit syn dochter Saskia it plak fan har heit ynnaam. Foar har wie it eefkes wennen omdat har ûnderfining eins by de koaren lei. Dochs warde se har om raak en koe se mei it orkest in stikmannich kearen optrede. Spitigernôch moast se nei in jier der mei ophâlde omdat har gewoane wurk it net taliet om in protte omtinken oan it GHO te jaan njonken har oare muzikale ferplichtings. It bestjoer moast dêrom nei in oaren omsjen en dat waard Jan Stulp.

-.-.-.-.-

Op de foto draacht Saskia it stokje oer oan Jan Stulp.

Yn oerliz mei Stulp is de proefperioade nei in jier net erlinge. Stulp en GHO hiene oer en wer net deselde ferwachtings. En sadwaande koe it bestjoer wer op syk nei in nije dirigint.

-.-.-.-

De nije man wie Menno Haantjes. Sûnt it begjin fan 2012 hantearret hy it dirigearstokje by it GHO.

Menno Haantjes is berne yn de omkriten fan Gasterlân. It begjin fan syn musikale karriêre wie yn Balk by it pleatslik harmony – orkest Concordia. Menno Haantjes hat op it konservatorium in ferskaat oan  stúdzjes folge sa as: tromboane, direksje-HAFABRA en teory fan de musyk.

Hy is neist dirigent fan ferskate musyk-korpsen yn Fryslân en Grins ek in free-lancer by in musyk-útjouwerij. Under syn lieding  organisearret hy byg. stúdzjedagen. Fierder arranzjeart en komponeart hy musyk.

Wat net eltsenien wit is in oare hobby fan him: itensiede, bakke, en fansels it opite dêrfan. Menno is in natuerleafhawwer; jo kinne him dan ek geregeldwei yn it fjild tsjinkomme.

-.-.-.-.-

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is Jappie-Kuipers-edited.jpg

Sûnt oktober 2023 Jappie Kuipers dirigint fan it Gerrit Heeringa Orkest

Yn ‘e basisskoalleperioade krige er al niget oan it meitsjen fan muzyk. Syn muzikale karriêre begûn op 7 – jierrige leeftiid as kornettist by de pleatslike fanfare Gloria Dei (letter brassband ). Dêrnei hat er as muzikant op kornet en bugel jierrenlang aktyf west yn brassband De Wâldsang en is oant hjoed-de-dei noch aktyf yn koperensemble Fryslân Brass. Yn 1985 rûnde er syn oplieding foar dosint lyts koper (trompet) en Hafabra-direksje ôf oan de Muzykpedagogyske Akademy yn Ljouwert. Oanfoljend dêrop hat er yn 2006 de simmerkursus Muzyk oan de Basis foar Dosint Muzyk fia de Gehrelsferiening en Codarts Rotterdam folge. Fan 2008 oant en mei 2021 hat er koördinator muzykûnderwiis en koperdosint west by Stichting Muziekonderwijs Grootegast, hat as metodykdosint wurke by it Prins Claus Conservatorium te Grins. Dit alles docht er út syn selsstannige ûndernimming wei: J. Kuipers Muzykkopliedings & Consultancy.

As dirigint is Kuipers ferbûn oan it chr. fanfareorkest Looft den Heer yn Aldegea en sûnt oktober 2023 dus oan de (senioare)brassband It Gerrit Heeringa Orkest. Dêrneist is er by ferskate orkesten wurksum as ynterim-dirigint. Sûnt 2022 is er ek ferbûn oan “Mear mei Muzyk” troch û.o. it fersoargjen fan de “Cursus Basisvorming Dirigeren” foar de Hafabra-amateurmuzikant. Ek begeliedt er fakstudinten muzyk mei in kursus basisfoarming dirigearje en jout er stipe / coaching oan nije jonge ynstrumintale muzykfakdosinten op it mêd fan metodyk, didaktyk en pedagogyk. As sjuerylid wurket er foaral by solistekonkoersen, festivals foar jeugdorkesten en ferskate Hafabra-festivals. As lanlik sertifisearre eksaminator wurket hy by de Hafabra-eksamens fan ferskate muzykorganisaasjes.