Sa is it begûn

It jier 2010 wie it jier fan de offisjele stifting fan it Gerrit Heeringa Orkest mar ek it jier dêr’t it orkest ôfskie nimme moast fan syn stichter, Gerrit Heeringa. It wie it jier dêr’t Saskia Heeringa it stokje fan har heit oernaam, it wie it jier fan it lintsje fan Siebe Bokma en it wie it jier dêr’t it orkest sawat in folsleine besetting krige. Boppedat is it jier dêr’t foar it earst in jierferslach yn elkoar timmere is.

It orkest hat in oanrinperioade hân. Neidat Gerrit Heeringa ophâlden wie by it Senioarenorkest Fryslân fielde hy behoefte  om mei in nij korps te begjinnen. Hy frege in sikmannich goekunde of dy him helpe woene om te begjinnen. De earste kear dat dit groepke fan in 12 muzikanten by elkoar kaam wie op 15 september 2008. Wy beskôgje dit ek mar as de oprjochtingsdatum fan it orkest dat fan Gerrit Heeringa de namme Hafabra-orkest meikrige.

Yn de rin fan 2009 waakse it tal leden stadichoan boppe de tweintich. Tagelyk ûntstie it ferlet fan it offisjeel meitsjen fan it orkest ta in feriening mei in karbrief en ynskreaun by de KfK. Dat karbrief is makke troch de skriuwer en neidat de leden har sechje dêroer dien hiene yn de ledegearkomste fan 20 jannewaris  2010 ha de leden besletten om foarsitter en skriuwer mei it konseptkarbrief nei in notaris te stjoeren. Yn dyselde ledegearkomste ha de leden ek in bestjoer keazen.

It bestjoer bestie nei dy ledegearkomste út: Frits Zweed – foarsitter, Jaap van der Bij – skriuwer, Homme de Jong – ponghâlder, Douwe Wassenaar – bibliotekaris, Tineke Paulusma – algemien adjunkt. Nei wat omballings is it karbrief tekene op 15 oktober 2010.

It GHO hâldt syn repetysjes trije kear yn ‘e moanne op woansdeimoarns om 10 oere yn Kultuersintrum yn Ljouwert, Dirkboutsstraat 36, 058-213 00 01. De repetysjedagen steane ûnder de skeakel “Aginda”.

=-=-=-=-=-=-=-=-=-==-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-=-

It Gerrit Heeringa Orkest wurdt stipe troch:

  1. Speedbooks
AP_DEF_SBoudelogo_logoschets

================================

2. Makelaardij Kuperus Heeringa

kuperush

================================

3 . Bouma en Sepp                                                                                              

 

Bouma en Sepp

=============================

4. Weijer Autoschade

Weijer

===================================

5. Etos

Etos

================================

6. Villen Wagner-Feenstra

feenstra

================================

7. Thijs van der Meer keurslager 

Begine 52, 8711 BK Warkum

0515 41534

0515 43514

info@thijsvandermeer.keurslager.nl

================================

8. Van Tuinen, tuinservice

================================